Helmholt wint fierljeppen

© Omrop Fryslân
Bart Helmholt hat freed it fierljeppen yn Winsum wûn. De Burgumer sprong 17 meter 65. De nûmer twa, Henk Schievink, stie lang earste mar moast op 't lêst de eare oan Helmholt litte. Schievink syn bêste sprong wie 17.17 meter. Tred waard Rein van der Wal út Warkum. Hy hie in sprong fan 16.79 meter.
By de froulju sprong Sjoukje Tjalma fan It Heidenskip it fierst (14.08 meter) foar Antke van der Wal en Jantina de Vreeze.