Erna Brinkman ferlit Cannes

© Omrop Fryslân
Foljebalster Erna Brinkman ferlit de Frânske foljebalferiening Racing Club de Cannes. De âld-Snitser ferlit de Côte d'Azur omdat se leaver yn 'e sterkere Italjaanske kompetysje spilet. Cannes is oars net sa min, want it ôfrûne seizoen wûn Cannes mei Brinkman noch de Champions League.
It is foar Brinkman net foar it earst dat se yn Itaalje spylje sil. Se kaam earder al út foar foljebalklub Forli fan Bologna.