Trochstart Broersma Transport

© Omrop Fryslân
Der komt in trochstart fan it fallite transportbedriuw Broersma. It bedriuw sil gearwurkje mei Müller Transport út Holten en giet fierder mei 180 fan de 280 wurknimmers. De festigingen op it Hearrenfean en Bodegraven bliuwe bestean, dy yn Strobos giet ticht.
De spesjalist yn fleisferfier waard yn maaie fallyt ferklearre mei in skuld fan 16 miljoen euro. Dat kaam troch de hege brânstofprizen, mar ek it grutte tal bistesykten spile in rol.