Provinsjale opsinten omheech?

06 jun 2003 - 00:00

De kâns is grut dat de provinsje de motorrydtugebelesting takom jier ferheget. De maatregel is nedich om sa de ambisjeuze plannen fan de provinsje, lykas it Fryske marreprojekt, te beteljen. Dêrfoar is noch sawat 75 miljoen euro nedich.

It is noch net dúdlik hoefolle de belesting foar de autobesitters omheech giet. Dat hinget ôf fan it tal projekten dat de provinsje de kommende jierren útfiere kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)