Keamerfragen oer hierwenten

© Omrop Fryslân
It plan fan Corporatieholding Fryslân om mear as 20.000 goedkeape hierwenten te keap oan te bieden by de bewenners hat laat ta keamerfragen. De SP wol witte wat minister Dekker fan VROM derfan fynt. De partij is benaud dat der dalik te min hierwenten binne.
Nederlânske wenningbouferienings hawwe mei VROM ôfpraat dat der jierliks 50.000 hierwenten ferkocht wurde meie. Corporatieholding Fryslân nimt mei 20.000 al twafyfde part foar syn rekken.