Skiep yn beslach nommen

06 jun 2003 - 00:00

De ynspeksje fan de Dierebeskerming hat freed by in hobbyboer yn Himpens 100 skiep en 80 lammen yn beslach nommen. De bisten binne slim fertutearzge. Se hawwe ûnder oaren rotkreupel, rude en maitsen. Fan de lammen is tachtich persint kreupel.

De Himpenser hat al ferskate kearen in proses-ferbaal krigen en is ek al geregeld warskôge om better op syn bisten te passen. It is noch net dúdlik wat der mei de skiep barre sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)