Meiwurkers Meppel nei De Jouwer

06 jun 2003 - 00:00

Nei de sluting fan it Van Nelle-fabryk yn Meppel kinne 35 fan de 50 meiwurkers oan 'e slach by it shagfabryk op 'e Jouwer. It totaal tal meiwurkers fan it shagfabryk komt dêrmei op 340.

De Imperial Tobacco Group makke tongersdei bekend it fabryk yn Meppel te sluten fanwege kostenbesparrings. By de reorganisaasje falle gjin twongen ûntslaggen. De fakbûnen wolle noch om tafel mei de direksje om te praten oer in goed sosjaal plan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)