Jonges stelle út klaaikeamer
De plysje hat moandei twa jonges fan 14 út Stiens en Sint Anne oanhâlden fanwege stellerij. De twa hienen guod meinaam út in klaaikeamer oan de Statenweg yn Sint Anne. De jonges koene oanhâlden wurde troch in trainer, dy't har oerdroech oan de plysje.
Se hiene ûnder oare in mobile telefoan, ketting en horloazje meinaam. Dy binne yntusken werom fûn.