Gearwurking foar bettere soarch

06 jun 2003 - 00:00

Fiif grutte Fryske ynstellings sille meiïnoar gearwurkje om in bettere soarch op te setten foar âlderein en handikapten. Under de namme Friesland Support wolle de ynstellings lytse wykservicepunten iepenje dêr't minsken soarch op maat keapje kinne en in wente nei kar keapje of hiere kinne.

Talant, Palet, De Friese Wouden, soarchgroep Fryslân en Corporatie- holding Fryslân wolle sa 24 oeren deis soarch leverje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)