Soarch by psychyske klachten

06 jun 2003 - 00:00

De soarch foar pasjinten mei psychiatryske of psychososjale klachten is de lêste twa jier yn Harns gâns better wurden. Dat komt omdat psychiaters in rol krigen hawwe by de praktiken fan húsdokters. GGZ Fryslân meldt dat yn in ûndersyksrapport.

Pasjinten mei dat syktebyld wurde sa earder sinjalearre. Nei behanneling binne de klachten faak ôfnaam en wurdt it syktefersom minder. GGZ Fryslân wol no ek op oare plakken ekperimintearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)