Noch acht earste ljipaaien

13 mrt 2012 - 10:19
  • Ljipaai

De bruorren Anne en Wybrand Jansma út Deinum fûnen tiisdei it earste ljipaai fan de gemeente Ljouwert. It aai lei yn in stik greide by de Swette, westlik fan Ljouwert. De bruorren biede it aai tiisdei oan boargemaster Crone oan.

Tjeerd van Netten fan De Lemmer hat moandei by Eastersee it earste aai fan Lemsterlân fûn. Hy hat it tiisdei oanbean oan boargemaster Stellingwerf. André Roersma fan Dronryp fûn tiisdei it earste fan Menameradiel yn in stik greide tusken Dronryp en Hatzum. Roersma hat it oanbean oan boargemaster Van Mourik.

Ek boargemaster Veenstra fan Frjentsjerteradiel hat yntusken in earste aai oanbean krigen. Dat waard moandei fûn troch Stefan van der Weg út Frjentsjer. It gie om ien fan in twake. Moandei is ek earste ljipaai fan de gemeente Gaasterlân-Sleat fûn troch Wiebe Anton Palstra út Boalsert. Dat is tiisdei oanbean oan boargemaster Hoornstra. Harry Wiersma fan Blije hat tiisdei it earste ljipaai fan Ferwerderadiel fûn. Dat wie yn in stik lân by Jislum. It aai wurdt tiisdei oanbean oan boargemaster Van den Berg.

Ale Hiemstra fan Bûtenpost hat tiisdei it earste ljipaai fan Achtkarspelen fûn. It aai lei achter de Pypketsjerke yn Surhuzum. Waarnimmend boargemaster Adema nimt it aai tiisdei yn ûntfangst. Jan en Wietse Jan Dijkstra út Sint Anne hawwe tiisdei it earste ljipaai fan it Bilt fûn. Heit en soan seagen it lizzen yn in stik lân by kafee De Oosthoek yn Sint Jabik. It gie om in twake. It aai sil woansdei oanbean wurde oan waarnimmend boargemaster Gerrit Krol fan It Bilt. It moat dan noch wol lottere wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)