Berne-iepenloftspul 'Oz'

© Omrop Fryslân
Mei it stik 'Oz' wol it iennige berne-iepenloftspul yn ús provinsje, dat fan Easterwierrum, sjen litte dat folwoeksenen net yn har iepenloftspul passe. Dêrmei parearret de organisaasje it besykjen fan skriuwers om ek âlderein yn it stik meispylje te litten.
Dit wykein wurdt it iepenloftspul foar it earst opfierd yn de pastorijtún yn Easterwierrum. It stik 'Oz' is in Fryske fariant fan de musical 'The wizard of Oz'.