Fallissemint Bijlsma frijwol wis

05 jun 2003 - 00:00

It fallissemint foar skipswerf Bijlsma op De Lemmer is net mear foar te kommen. Dat seit wurdfierder Vos fan it FNV. De festiging fan Bijlsma yn Warten is al fallyt. De kurator hat in rêdingsplan opsteld, mar dat hat Wagenborg, ien fan de wichtichste partijen, ôfwiisd.

Wagenborg soe twa nije skippen bouwe litte, mar de kâns dat dat trochgiet is hiel lyts, seit Vos. Dat betsjut dat ek Bijlsma op De Lemmer slute moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)