Besunigingen muzykûnderwiis

05 jun 2003 - 00:00

De wethâlder fan Tytsjerksteradiel moat takom wike mar ris by de eksamens komme om te hearren wat learlingen fan de muzykskoalle yn Burgum allegear kinne. Dat is de reaksje fan direkteur Van der Heide fan de muzykskoalle.

Woansdei waard bekend dat de gemeente definityf besletten hat om flink op it muzykûnderwiis te besunigjen. Dat betsjut dat learlingen dy't nei de earste twa diploma's fierder wolle mei muzykles, dat sels betelje moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)