Fons Zinken: ik bin OSF-senator

© Omrop Fryslân
De Limburchske politikus Fons Zinken út Echt giet der fanút dat hy en net Hindrik ten Hoeve (FNP) foar de regionale partijen yn 'e senaat komt. Zinken falt nei alle gedachten bûten de boat, omdat Ten Hoeve mei foarkarstimmen keazen is.
Troch in flater mei de tellerij yn Noard-Hollân like it earst sa as soe Zinken yn 'e Keamer komme. Zinken giet dêr ek fanút, omdat hy offisjeel noch net heard hat dat er net keazen is.