Kontrôle miljeuregels kin better

© Omrop Fryslân
Benammen lytse gemeenten fiere gjin goede kontrôle út fan 'e miljeuregels, sa stelt de provinsje fêst. Wat se net dogge is de kontrôle fêstlizze yn 'e prosedueres.
De gruttere gemeenten en de provinsje lizze ien en oar wol fêst, mar ek sy foldogge noch net alhiel oan 'e regels. Yn oktober moatte by de provinsje in ferbetterplan ynlevere wurde. Jannewaris 2005 moat elk foldwaan oan 'e lanlike regels.