Reserves Skarsterlân falle ta

05 jun 2003 - 00:00

De gemeente Skarsterlân hat oardel miljoen euro mear op reserve as tocht. Reden is dat by de berekkening in flater makke is. Dochs smyt it ekstra jild yn 'e gemeentekas de ynwenners net direkt in soad op.

By de wet is fêstlein dat fan 'e reserve mar in beheind diel útjûn wurde mei. De suggestje om mei it jild it park Heremastate op 'e Jouwer op te knappen kin net útfierd wurde. De opknapbeurt waard earder fuortbesunige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)