Beskerming tsjin moalstof

05 jun 2003 - 00:00

Moalfabrikanten moatte harren wurknimmers beskermje tsjin 'moalstof'. Dat fynt it Ministearje fan Sosjale Saken. Moalstof yn 'e longen kin liede ta 'bakkersastma' of oare allergieën. De fabrikanten moatte no maatregels nimme, sa wol it Ryk.

Direkteur Dykstra fan Koopmans Moal yn Ljouwert fynt de regels in bytsje oerdreaun. Hy seit gjin lêst te hawwe fan personiel dat siik wurdt fan it wurkjen mei moal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)