PSV: De Jong net mear ferhiere

© Omrop Fryslân
John de Jong spilet nei alle gedachten takom jier net wer foar SC Hearrenfean. De fuotbalkub hierde de middenfjilder it ôfrûne seizoen fan PSV en wol dat hierkontrakt wol mei in jier ferlinge.
PSV hat witte litten dat de klub De Jong allinnich ferkeapje wol en dat er net wer ferhierd wurdt. SC Hearrenfean hat earder oanjûn de spiler net keapje te wollen. De Jong spile yn it ôfrûne seizoen 26 wedstriden foar de Friezen en makke dêryn njoggen doelpunten.