Tsjerketoer Menaam weromset

© Omrop Fryslân
In heal jier hat Menaam de tsjerketoer fan de Herfoarme Tsjerke misse moatten, mar fan woansdei ôf stiet er der wer op. Mei it weromsetten fan de toer is it earste diel fan de restauraasje fan de tsjerke út 1874 klear. Dêr driget it ek by te bliuwen, want it jild is op.
De restauraasje is 250.000 euro djoerder útfallen as earst tocht wie. It trochgean fan de rest fan de restauraasje hinget dêrom ôf fan nije subsydzjes.