Ferlies foar Antonius yn 2002

© Omrop Fryslân
It Antonius sikehûs yn Snits hat ferline jier 200.000 euro ferlies draaid. It minne risseltaat komt troch de groei fan it tal pasjinten. Yn 2002 wie der fiif prosint mear as it jier derfoar. Fral by de dei-opname kamen mear pasjinten. It sikehûs hat 75 nije meiwurkers oanlutsen en dat koste in soad jild.
As de oerheid net te folle besuniget, tinkt direkteur Schuurman dat de eksploitaasje dit jier wer slutend is.