Minder ynvestearringen troch NOM

04 jun 2003 - 00:00

De NOM, de noardlike ynvestearings- en ûntwikkelingsmaatskippij, hat yn 2002 foar 212 miljoen euro ynvestearringen dien yn it bedriuwslibben. Dat hat 646 nije arbeidsplakken opsmiten. Dat docht bliken út it jierferslach fan de NOM dat op it stuit presintearre wurdt.

Dêrmei hat ek de NOM te krijen mei it ekonomysk swiere waar, want yn 2001 waard noch foar 500 miljoen euro ynvestearre. Dat smite doe goed 1300 arbeidsplakken op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)