Middenstip foar mister Cambuur

04 jun 2003 - 00:00

'Mister Cambuur' Johan Abma krijt de middenstip út it Cambuurstadion yn Ljouwert. De middenstip is moandei meinommen troch twa meiwurkers fan de stichting Promotie Jeugdvoetbal Leeuwarden. Sy fine dat Abma in oantinken hawwe moat oan syn tiid by Cambuur. Abma ferlit de club nei 15 seizoen foar Cambuur spile te hawwen.

It stellen fan de middenstip hat gjin negative gefolgen foar de gersmatte, om't dy ferfongen wurdt troch keunstgers

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)