'Maatregel is net foldwaande'

04 jun 2003 - 00:00

Neffens de Stichting Stadswacht is de maatregel fan de gemeente Ljouwert net foldwaande om de stedswacht foar de stêd te behâlden. Fanwege de lanlike besunigings op subsidiearre wurk soe de stedswacht net mear bestean kinne. It kolleezje hat doe besletten dit hiele jier de leankosten fan 60 banen by de stedswacht te beteljen.

De Stichting Stadswacht is bot teloarsteld yn it kolleezje, om't dit gjin oplossing wêze soe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)