Harkemase Boys gjin kampioen

04 jun 2003 - 00:00

De Harkemase Boys hawwe tiisdeitejûn op it eigen sportpark De Bosk mei 1-1 gelyk spile tsjin Huizen. Troch in doelpunt fan Tony Alberda kamen de Boys al yn de earste minút op foarsprong. De lykmakker fan Huizen kaam acht minuten foar de ein fan de wedstryd. Troch it lykspul is Huizen de kampioen fan de sneonshaadklasse wurden.

De wedstryd ferrûn sûnder ynsidinten. By in eardere wedstryd foar it kampioenskip wiene der wol rellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)