Ten Hoeve nimt plak Zinken yn

03 jun 2003 - 00:00

FNP'er Hendrik ten Hoeve fan Stiens liket sa goed as wis fan in plak yn de Earste Keamer foar de OSF. De kommisje Geloofsbrieven Onderzoek hat tiisdei besletten de Limburger Zinken net ta te litten ta de senaat.

Dat komt troch in flater fan de provinsje Noard-Hollân. Dy hat de útslach fan de ferkiezing ferkeard trochjûn oan de Kiesraad. De Kiesraad komt no binnen twa wike mei in nije, definitive útslach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)