15.000 besikers museum De Jouwer

© Omrop Fryslân
De tentoanstelling 'En dan is er koffie' yn it museum fan De Jouwer hat tiisdei syn 15.000ste besiker lutsen. De útstalling wurdt holden fanwege it 250-jierrich bestean fan de Jouster kofjebrander.
De direksje fan Douwe Egberts hat it museum foar de tentoanstelling mar leafst 1000 argyfstikken skonken. It giet om ûnder mear âlde kofjebranders, âlde sparsegels en geskinkeboekjes. De besiker krige in kado fan it museum.