Skylge jout oan McDonaldhûs

© Omrop Fryslân
Boargemaster Visser fan Skylge oerlanget 50.000 euro oan it Ronald McDonaldhûs Fryslân. De helte dêrfan is op it kleed kommen by ferskate aksjes op it eilân, lykas sponsorlopen en ferkeap fan selsmakke guod. De gemeente hat de totale opbringst ferdûbele.
It Ronald McDonaldhûs wurdt ûnderbrocht yn it nije en gruttere MCL yn Ljouwert. Alden en famyljeleden fan sike bern kinne dêr oernachtsje. De bou giet yn augustus fan start.