Warkum krijt rap ynternet

03 jun 2003 - 00:00

De sintrale fan KPN yn Warkum wurdt ree makke foar de rappe ynternetferbining ADSL. It oanpassen is mei it risseltaat fan in lokale aksje, dy't 330 hantekens opsmiten hat.

KPN wegeret faak yn lytsere plakken de sintrales om te bouwen foar ADSL, om't dat neffens it telekombedriuw net útkinne soe. Op oare plakken binne ek (hanteken)aksjes opset om de KPN fan de needsaak fan ADSL te oertsjûgjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)