Gootjes ferhierd oan Haarlem

© Omrop Fryslân
Martijn Gootjes (25) fan Cambuur spilet it komende seizoen foar Haarlem. De spits wurdt foar in jier ferhierd. By Cambuur kaam er yn it ôfrûne seizoen amper oan spyljen ta om't Jan Bruin, dy't op itselde plak spilet, sa goed fuotballe.
Gootjes hat in kontrakt fan twa jier by Cambuur. Oan de ein fan dit seizoen wurdt besjoen oft it kontrakt ferlingd wurdt. Gootjes komt by Haarlem ûnder syn âlde trainer Wesselink.