Regels lestich foar brune float

03 jun 2003 - 00:00

Eigners fan skippen fan de brune float komme mooglik yn de knipe troch nije miljeuregels. Yn de strange regels stiet dat guod fan ûnderhâld, lykas farve of stof, net yn it wetter komme mei. De boaten kinne inkeld yn in hal op de wâl opknapt wurde.

Foar guon eigners is dat fierstente djoer. Tal fan âldere skippers binne troch de regels fan doel har skûtsje te ferkeapjen. Se binne benaud dat se it finansjeel oars net oprêde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)