'Binnenstêd moat skjinner'

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter ûndernimmers moatte mear dwaan om de binnenstêd skjin te hâlden. Dat fynt wethâlder Krol. Hy oerlange dêrom symboalysk in feger en blik oan de Ljouwerter ûndernimmersferiening. De wethâlder wol dizze simmer resultaat sjen fan de aksje.
Horeka-ûndernimmers kinne bygelyks peukebakken bûten sette. Ek kinne snackbars de klanten mear wize op fuortsmytgedrach. Dêrneist komt ek in kampanje foar it winkeljend publyk.