Geweld en stellerij yn it wykein

© Omrop Fryslân
In 35-jierrige man fan Sint Jânsgea hat snein de útbater fan in kroech op 'e Jouwer bedrige. Dy woe de fertochte gjin drank mear jaan, wêrnei't de man in barkruk oer de bar smiet. Ek bedrige er de útbater. De man is oppakt.
Yn Starum hat de plysje snein 4 manlju en in frou oanholden om't se in bûtenboardmotor stellen hiene. Yn de haven die bliken dat de motor fan har eigen boat it net mear die. It ploechje stiel dêrom mar in oare motor.