Jonkje slim ferwûne

© Omrop Fryslân
In jonkje fan fjouwer út Wiuwert is sneontemiddei mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht. By in ûngelok hie er de plasse brutsen.
De heit fan it jonkje woe in antike trekker op in karre sette. Hy hie krekt de riidplaten ûntgrendele doe't syn soantsje ûnferwachts de linker plaat beetkrige. Dy foel nei ûnderen en rekke de jonge op 'e holle. De jonge is mei in skedelbasisfraktuur oerbrocht nei it sikehûs yn Grins.