Ljouwerter besketten

© Omrop Fryslân
In 76-jierrige Ljouwerter is sneintemoarn besketten. De man folge om fiif oere moarns twa manlju, dy't in fyts op it skouder meisjouden. Hy miende dat se de fyts stellen hiene.
Doe't de twa manlju der achter kamen dat se folge waarden, krigen de trije by de flat oan it Mariniersespel wurden. De man waard dêrby trape. Doe't hy útnaaide op syn fyts, waard hy besketten. Hy is dêrby rekke yn de linkerskonk.