Bytsje útfallers by Alvestêden

01 jun 2003 - 00:00

De organisaasje fan de kuier-alvestêdetocht is tige tefreden oer it ferrin fan de tocht fan dit jier. Fan de 708 dielnimmers foelen der mar 33 út.

Neffens de organisaasje hat dat alles te krijen mei it moaie waar fan dizze wike. De dielnimmers oan de kuier-alvestedetocht rûnen sneon de lêste etappe, fan Dokkum nei Ljouwert. It wie foar de 57e kear dat de Alvestêdetocht rûn wurde koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)