Allegearre om in 11-stêdekrúske

© Omrop Fryslân
It wie sneon de dei fan 'e Alvestêdetochten. Kuierders, roeiers en oldtimers koene gading meitsje oan in krúske. De kuierders wiene it langste ûnderweis. Nei in wike rinnen waarden se sneon yn 'e Prinsetún yn Ljouwert opwachte mei blommen en muzyk. Dy't woe, koe dêrnei noch eefkes dûnsje yn skouboarch De Harmonie.
De roeiers startten freedtejûn en hawwe de hiele jûn trochroeid. Foar de auto's duorre de tocht ien dei.