Triatlon op It Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Foar de sechstjinde kear waard sneon op It Hearrenfean in kwart triatlon fytst, draafd en swommen. Under ideale omstannichheden sprongen de atleten moarns om 11 oere yn it wetter fan rekreaasjegebiet De Heide om te begjinnen mei 1500 meter swimmen.
Royce Kortekaas út Lisserbroek waard úteinlik earste. Bêste Fries wie Tiedo Tinga fan 'e Lemmer mei in twadde plak, folge troch Sjaco Kramer út Drachten. Mariska Kramer wûn by de froulju