Skea by brân yn Dolsterhuzen

13 mrt 2012 - 09:32

In hûs oan de Marwei yn Dolsterhuzen hat moandei in soad skea oprûn by in brân. De bewenners leine op bêd doe't se wekker waarden fan it leven dat se hearden. Omdat se reek rûkten, giene se it hûs út. De flammen sloegen doe al út it dak. Korpsen fan It Hearrenfean, Ychten en Scherpenzeel kamen nei Dolsterhuzen. Dy koene net foarkomme dat it hûs swier skansearre rekke.

Neffens de bewenners hiene se jûns de iepen hurd brûkt, mar it is net wis oft dat de oarsaak fan de brân is. Dêr wurdt noch ûndersyk nei dien.

Trefwurden: 
Dolsterhuzen brân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)