Steuring brêge by Galamadammen

31 maaie 2003 - 00:00

Wettersporters hawwe sneontemoarn in oare lang lêst hân fan in steuring fan de brêge by de Galamadammen by Koudum. De brêge koe fanwege in steuring net betsjinne wurde. Dêrtroch ûntstie foar de brêge in lange rige fan boaten.

Doe't de steuring om likernôch 10.45 oere wer oplost wie, leine der mear as 50 boaten te wachtsjen. De steuring is yntusken alwer ferholpen. Oft de steuring wat te krijen hie mei it waar, is net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)