Taryfferheging UPC

31 maaie 2003 - 00:00

De nije taryfferheging fan kabelaar UPC pakt benammen yn Fryslân min út. De maksimale ferheging fan 2,50 euro wurdt hantearre yn acht fan de njoggen gemeenten dêr't UPC aktyf is. Fan 1 july ôf betelje de Fryske klanten dan alle moannen mei inoar 14,88 euro. Dat is ek wer it maksimale taryf.

Allinnich klanten yn Tytsjerksteradiel betelje 0,20 euro minder. UPC seit dat de ferheging nedich is om't it bedriuw no noch ûnder de kostpriis wurket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)