Seldsume sinnefertsjustering

30 maaie 2003 - 00:00

Yn it noardeasten fan Fryslân is sneontemoarn om 5 oere in sinnefertsjustering te sjen. Dat betsjut dat de moanne tusken de sinne en de ierde komt te stean. It giet om de saneamde ringfertsjustering. Dat hâldt yn dat allinnich de râne fan de sinne te sjen is.

De lêste kear dat in ringfertsjustering boppe Fryslân te sjen wie, wie yn 1765. Eise Eisinga makke doe op Skylge in tekening fan dy eklips.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)