Nije literatuerpriis

© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân rikt takom jier, yn gearwurking mei stifting It Fryske Boek, de Rink van der Velde priis út. Dat hat wethâlder Veenstra fan de gemeente fan 'e wike bekendmakke.
De Rink van der Velde priis, in jildbedrach fan 1250 euro en in byld fan keunstner Anne Woudwijk, wurdt ien kear yn de twa jier útrikt oan in jonge skriuwer dy't it Frysk of ien fan de streektalen brûkt.