Titus Brandsma Museum iepene

29 maaie 2003 - 00:00

Yn Boalsert hat it nije Titus Brandsma Museum tongersdei de doarren foar it earst iepen set. Nettsjinsteande it moaie waar wiene der fuortdaliks al wat minsken.

It museum fertelt it ferhaal fan de Boalserter pastoar Brandsma, dy't yn de oarloch omkaam yn in Dútsk kamp. Mooglik wurdt er takom jier hillich ferklearre. De ynternasjonale bekendheid dy't Brandsma dan krijt, sil it museum in soad besikers bringe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)