Autokross yn Driesum

© Omrop Fryslân
Yn Driesum wie it tongersdei tiid foar de 28e autokross. De kross is hieltiten profesjoneler wurden en moat oan in soad feiligheidsregels foldwaan. Dêrtroch wurdt der hieltiten minder botst en is der minder spektakel.
De maatregels lykje har werslach te hawwen op de ynteresse. It evenemint luts yn it ferline sa'n achttûzen besikers, no wiene it fyftjinhûndert. Mar foar har bliuwt de sfear fan bier, patat, bensine en drek ûnferfangber.