Opfang útprosedearden bepleite

29 maaie 2003 - 00:00

De Fryske gemeenten wolle ien sintraal opfangsintum foar útprosedearre asylsikers. Sy ha dat foarlein oan minister Verdonk fan Frjemdlingesaken.

De gemeenten fine dat it ryk de taak hat om de útprosedearre asylsikers op te fangen, as dy net weromkinne nei har eigen lân. No komme de minsken meastal op strjitte te stean, as har proseduere ôfrûn is. Yn Fryslân spilet it probleem tige, om't hjir in soad asylsikers opfongen wurde. It COA is tsjin it plan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)