Cambuur ek te sterk foar AGOVV

12 mrt 2012 - 22:59

Sportklup Cambuur hat foar de tredde kear op rige in oerwinning pakt. Sûnder sels goed te spyljen waard AGOVV mei 2-0 ferslein. De ploech út Apeldoorn wie net nei Ljouwert kaam om moai te fuotbaljen en benammen de earste helte wie dêrtroch saai.

De twadde helte begûn in stik aardiger. Al nei 19 tellen skoarde Mark de Vries op oanjaan fan Melvin de Leeuw. Oguzhan Türk bepaalde nei in dik oere spyljen de einstân op 2-0. Troch de oerwinning nimt Cambuur it sechde plak oer fan Willem II en is der oansluting mei de top 5.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)