Miljoenefraude by Hûdehannel

28 maaie 2003 - 00:00

De ienmansdireksje fan Hûdehannel Van Buren BV yn Ljouwert hat foar 10 oant 15 miljoen euro fraudearre. Dat hat kurator Alderse Baas út De Jouwer bekend makke. It fraudeteam Noard-Nederlân sil yn opdracht fan it Iepenbier Ministearje yn Grins de saak ûndersykje.

De hûdehannel krige foarige wike útstel fan betelling. Freed waard it fallissemint útsprutsen. De kurator koe fuort yn de boeken sjen dat it mis wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)