Undersyk feanweidegebiet

© Omrop Fryslân
Der komt ûndersyk nei de problemen mei it feanweidegebiet yn Nederlân. Dêr wurdt de provinsje Fryslân ek by belutsen. It feanweidegebiet driget op de lange doer te ferdwinen, om't it wetterpeil hieltyd oanpast wurdt. Dat bart op fersyk fan de molkfeeboeren.
Ferleegjen fan it wetterpeil hat gefolgen foar de grûn sels: dy fersakket en ferdroeget. It Ryk wol dêr wat oan dwaan. It ûndersyk duorret likernôch in jier.