Berikberheid provinsjehûs ûnwis

© Omrop Fryslân
De provinsje moat mooglik de plannen bystelle foar de nijbou fan it provinsjehûs yn it sintrum fan Ljouwert. De steaten ha keazen om nij te bouwen yn it sintrum fan Ljouwert, mar op betingst dat de gemeente soarget dat it nije gebou aanst te berikken is.
Ljouwert soe dêr de Earste Kanaalsbrêge foar iepen stellen, mar wol no it Beursplein brûke. Dat sil dan oanpast wurde moatte, omdat auto's net fan it Beursplein rjochting Provinsjehûs meie.